Brân by Van der Meulen Hallum

Van der Meulen
By it bedriuw foar bakkerijprodukten Van der Meulen yn Hallum hat oan it begjin fan moandeitemiddei brân west. De brân ûntstie troch wurksumheden oan it dak en waard opskaald ta middelbrân. Dat barde omdat it om in grut fabryk giet dat yn de buert fan wenningen stiet. Ien persoan is troch ambulânse-personiel behannele, omdat de man reek binnen krigen hie. In part fan it dak is troch de brânwacht sloopt om te sjen oft de brân him net fierder ferspraat hie.