Start útgraven Drachtsterfeart

Yn Drachten is moandei it útgraven fan de Drachsterfeart echt begûn. De splitsing tusken de Suderhegewei en de Mûnein wurdt definityf ôfsletten foar it ferkear. Dat moat dan oer de bypass dy't by de Suderhegewei oanlein is. Yn beide rjochtingen is mar ien rydbaan beskikber. Op de âlde splitsing wurdt it asfalt iepenbrutsen. Nutsbedriuwen sille dan earst de liedingen ferlizze.
Yn jannewaris wurdt begûn mei de brêge dy't skielk oer de feart lizze sil. Takom moanne wurdt dêr al graafwurk foar dien. Yn 2016 sil de Drachsterfeart klear wêze.
It projekt kostet 16 miljoen euro.