Minder winst foar HZPC

Ierpelhannelshûs HZPC fan De Jouwer hat yn it ôfrûne boekjier de helte minder winst helle yn fergelyk mei it jier dêrfoar. Doe waard in netto-winst helle fan 8,6 miljoen euro, no is dat mar 4,4 miljoen. Sa docht bliken út it jierferslach.
HZPC hat bot lêst hân fan de legere ferkeap fan poaters yn Europeeske lannen. Dy is mei feroarsake fanwege droechte yn it groeiseizoen. Hast 90 persint fan de behelle winst komt út dielname yn bûtenlânske ûndernimmingen.