Bromfytser hurd ûnderút

05 nov 2012 - 10:41

In 19-jierrige jonge is snein ferwûne rekke by in ûngelok op de Kommisjewei yn De Pein. Hy ried dêr op syn brommer en skrok nei alle gedachten fan in automobilist dy't de dyk opdraaide. Nei hurd remjen gie de jonge ûnderút. Dêrby rekke er ferwûne oan 'e holle en skonken. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
bromfytser De Pein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)