Boaten iepenbrutsen yn Burgum

05 nov 2012 - 10:33
  • Skiphûs Burgum

Ynbrekkers ha dit wykein ien fan 'e skiphuzen iepenbrutsen fan jachthaven De Dobbe yn Burgum. Dêrby binne slotten fernield en is it nedige guod stellen, lykas in aggregaat, in kettingseage en oar ark. Meielkoar lizze der sa''n 75 boaten yn de jachthaven. Wierskynlik is allinnich it skiphûs mei de 12 meter boaten trochsocht. De Feriening fan skiphuzen hat moandei de stellerij yn kaart brocht. Ek wurdt besocht dupearre boateigeners sa gau mooglik op 'e hichte te bringen. De skea rint yn 'e tûzenen euro's.

Fan de dieder of dieders is noch gjin spoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)