Frou oppakt by tankstasjon

05 nov 2012 - 10:08

De plysje hat snein op de Aldlansdyk yn Ljouwert in 20-jierrige frou út de stêd oanholden foar bedriging. Se hie earder dy middei rûzje hân mei in meiwurkster fan in tankstasjon. Dat rûn út de hân en de frou bedrige de meiwurkster. Dy warskôge de plysje. Op it buro die bliken dat de fertochte drugs by har hie. Dy binne yn beslach naam. De frou is fêstset.

Trefwurden: 
tankstasjon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)