Otter deariden by Aldehaske

05 nov 2012 - 10:03

Op de A7 by Aldehaske is dit wykein wer in otter deariden. It giet om in flink mantsje fan sawat 12 kilo. It bart de lêste tiid geregeld dat otters deariden wurde, ûnder oaren op de A6 by Eastersee en De Lemmer, en ek by Balk en Winaam.

Boskwachters pleitsje al langer foar de oanlis fan spesjale passaazjes by brêgen en fiadukten om ûngelokken yn de takomst foar te kommen.

Trefwurden: 
otter Aldehaske
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)