Friesland Flyers koprinner

04 nov 2012 - 21:12

De iishockeyers fan de Friesland Flyers ha sneintejûn de topper yn Tilburg tsjin de Destil Trappers mei 5-0 wûn. Yn de earste perioade foel der ien Flyer goal fan Michael Nason. Jeffrey Martens, Alexandr Terjohins en Trevor Hunt fergrutten de marzje yn de twadde perioade nei 4-0.

Yn in stevige tredde perioade, mei in protte tiidstraffen, makke Sander Dijkstra de fiifde Flyer goal. Koprinner Friesland Flyers hat no 25 punten út 10 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)