Auto op 'e kop yn 'e sleat

Auto op kop yn 'e sleat by Seisbierrum © Nick den Boer
In man fan 35 jier út Frjentsjer is snein ferwûne rekke by in ûngelok op de Getwerderdyk by Frjentsjer. Hy ferlear troch noch ûnbekende oarsaak de kontrôle oer syn auto en kaam yn de berm telâne. Dêr rekke er in stek, wêrnei't er mei syn auto op 'e kop yn de sleat rekke. De man koe sels út de auto komme. Hy waard holpen troch twa omstanners dy't it wetter ynsprongen wiene. De bestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is in bloedproef ôfnaam, omdat de man mooglik dronken hie.