Hege ferwachting patatierappel

Patatierappel fan it ras innovator © www.hzpc.nl
Ierappelhannelbedriuw HZPC ferwachtet ek de kommende jierren in soad fan it nije ras Innovator. Dat stiet yn it jierferslach 2011-2012. De nije ierappelsoart is makke foar de patatyndustry.
De lêste jierren hat de Innovator de HZPC in soad jild opsmiten. Ferline seizoen wie in topjier mei 8,6 miljoen winst. Dit jier is de winst de helte lytser, mar dat heart by de skommelingen yn 'e ierappelmerk, neffens de HZPC. De ambysje is om alle jierren te groeien en oer meardere jierren besjoen slagget dat goed, neffens it bedriuw op 'e Jouwer.