SC Hearrenfean pakt PEC Zwolle

04 nov 2012 - 16:30

SC Hearrenfean hat snein mei 2-1 wûn fan PEC Zwolle. Yn de 36e minút sette Alfred Finnbogason Hearrenfean mei in fraaie stiftbal op 1-0. It is al wer de 9e kompetysjetreffer foar de Yslânske spits.

Yn 'e twadde helte soarge in treffer fan Daniël de Ridder foar in fertsjinne 2-0 foarsprong. In benutte penalty oan de kant fan Zwolle brocht fiif minuten foar it einsinjaal de spanning hielendal werom yn de wedstriid. Fierder as de oanslutingstreffer kamen de Zwollenaren lykwols net, wêrtroch't de tredde oerwinning foar Hearrenfean in feit is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)