Venhuizen wint opnij Beareloop

04 nov 2012 - 16:27
  • Hurdrinne

Jan Venhuizen hat snein op Skylge de 16e Beareloop op syn namme skreaun. De hurdrinner út Smilde kaam nei goed 42 kilometer yn in tiid fan 2.33.52 oer de streek. Dêrmei prolongearret Venhuizen syn titel fan ferline jier. By de froulju wie de winst foar Vanessa Hartman. Twadde waard Ilona Kruis fan Ysbrechtum yn in tiid fan 3.12.03.

De heale maraton waard in proai foar Erik Negerman fan Boalsert. Hy klokte in tiid fan 1.11.17. By de froulju wie Yvonne Kassenberg fan Ljouwert fierwei de rapste nei goed 21 kilometer yn in tiid fan 1.20.31.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)