Geiten hâlde dún Skylge keal

04 nov 2012 - 14:39
  • Geit (argyffoto)

Steatsboskbehear set geiten yn om it Seinpealdún op Skylge keal te fretten. In lyts part fan it dún wurdt mei peallen ôfset. Dêrbinnen moatte de geiten de jonge beamkes en strûken opfrette. As dat net dien wurdt, groeit it dún rap wer hielendal ticht.

De kealfretterij troch geiten bart dit jier op proef yn in lyts stik. As it foldocht, komme takom jier op mear stikken fan it Seinpealdún geiten te rinnen. De stikjes dún bliuwe wol tagonklik foar kuierders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)