Fjoerwurk fan balkon smiten

(fotofoarbyld)
Yn Drachten is sneontenacht in man oanhâlden dy't swier fjoerwurk fan in balkon ôf smiet. Dat wie by him thús oan 'e Alde Ambacht. De 28-jierrige man smiet tegearre mei in freon it fjoerwurk en ek glêzen nei ûnderen. Doe't buertbewenners him dêrop oansprutsen, sloech er ien fan harren.
De man waard letter dy nacht thús oanhâlden. Dêr wie ek noch in 30-jierrige oare Drachtster. Dy koe him net identifisearje en moast dêrom ek mei nei it plysjeburo. De twa binne ynsletten foar ûndersyk.