Jongeren út jacuzzi weihelle

jacuzzi
Trije jongeren binne sneontenacht yn Burgum troch de plysje út in jacuzzi fan in wellnesssintrum weihelle. By de eigener wie it ynbrekalarm ôfgien. By it bedriuw oankaam seach er de trije yn it bad lizzen, wylst twa oaren derby stienen te sjen.
De eigener warskôge dêrop de plysje. Dy hat de fiif meinaam nei it plysjeburo. Dêr krigen se in proses-ferbaal om't se op ferbean terrein west hiene. Se moatte boppedat mei de eigener oerlizze oer in skeafergoeding.