Dronken: rydbewiis ynnaam

04 nov 2012 - 12:45
  • Hoareka

Twa autobestjoerders binne sneontenacht it rydbewiis kwytrekke foar dronken riden. In 44-jierrige Harnzer waard pakt yn de Hofstrjitte yn Harns. Hy moast mei nei it plysjeburo, mar woe dêr net meiwurkje oan in asemtest. Dêrom is syn rydbewiis ynnaam.

Op de Fûgelsang yn Drachten krige in 23-jierrige Drachtster drankkontrôle. Hy moast ek mei nei it buro om te blazen. Dêr krige er in rydferbod, in proses-ferbaal en syn rydbewiis is ynnaam. It CBS sil besjen oft de twa yn oanmerking komme foar in alkoholslot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)