Man stekt eigen hok yn 'e brân

© ANP XTRA
Oan de Van der Poortstrjitte yn Dokkum hat in man sneontejûn it hok efter syn eigen hûs yn de brân stutsen. De plysje wie al warskôge dat de man hielendal yn de war wie. Doe't se by it hûs kamen, wie der allegear reek en en fjoer te sjen. De plysje hat de brânwacht warskôge. Dy hat it fjoer útmakke, mar koe net foarkomme dat it hok hienendal útbaarde. De man fan 61 jier is oanhâlden en meinommen nei it buro. In dokter hat him ûndersocht.