Ofskied fan Dakkapel Snits

04 nov 2012 - 09:28

It ôfskiedskonsert fan de Blauhúster Dakkapel hat sneontejûn goed 1500 minsken lutsen. Dêrmei wie it optreden folslein útferkocht. Mei it konsert kaam der nei 40 jier in ein oan it bestean fan it dweilorkest. De Blauhúster Dakkapel krige grutte bekendheid ûnder oare troch de optredens by de reedrydwedstriden yn Thialf.

No wol in tal leden der fanwege de leeftyd mei ophâlde. Dêrom set it hiele orkest der in punt achter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)