Twa kear brân yn Ljouwert

© Robert Jan Boonstra
Yn Ljouwert hat sneontejûn yn in heal oere tiid op twa plakken brân west yn wenhuzen. De earste brân wie om 22.00 oere yn in hûs oan de Archipelwei. It fjoer ûntstie yn in sfearkacheltsje, dat wurket op etanol. De bewenner besocht it fjoer earst sels te blussen, mar dat slagge net. De man moast syn hûs út, mar kaam te fallen yn de gong. De branwacht hat it fjoer útmakke. De man is ûndersocht yn de ambulânse, mar hy hoegde net nei it sikehûs. De wenning hat reek- en wetterskea oprûn en is foarlopich net te bewenjen.
De twadde brân wie oan de Dotingastate yn Ljouwert. Troch noch ûnbekende oarsaak brânde der wat yn de wenkeamer. De bewenner besocht it fjoer sels te blussen, mar dat slagge net. Der kaam flink wat reek by frij. De bewenner is ek yn dit gefal ûndersocht troch ambulânsepersoniel.