Aris ferliest fan Nijmegen

03 nov 2012 - 22:58

De basketballers fan Aris hawwe sneon nei ferlinging mei 96-90 ferlern fan Nijmegen. Yn de reguliere tiid kaam in einstân fan 82-82 op it boerd. Nei it earste kwart stie it 19-18 foar Nijmegen. It twadde kwart einige nei 39-42 en it tredde yn 57-68. Yn it lêste kwart kaam Aris mei 82-80 foar, mar yn de slotsekonden wist Nijmegen noch op likense hichte te kommen: 82-82. Yn de ferlinging makken de Nijmegenaren it ôf en pakten sy de wedstriid mei 96-90. Op 13 oktober ferlear Aris ek al nei ferlinging fan Nijmegen. Doe waard it 104-100.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)