Prima 3000 meter Sven Kramer

03 nov 2012 - 20:15

Sven Kramer hat sneon op it iis fan Thialf in kreaze 3000 meter riden. De regearend wrâldkampioen like net folle hinder te hawwen fan syn rêchblessuere. Mei allegearre rûntsjes fan 29-leech kaam er yn 3.44.65 oer de streek. De 1000 meter waard yn 1.10.05 wûn troch Sjoerd de Vries. Margot Boer die itselde by de froulju. Har tiid 1.16.37. Thijsje Oenema (38.68) en Michel Mulder (35.15) wiene de bêsten op de 500 meter.

Trefwurden: 
Sven Kramer reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)