Boek oer Raerd yn oarloch

03 nov 2012 - 17:46
  • Dûmny en fersetsstrider Ger Boerlage

Yn Raerd is sneontemiddei in bysûnder boek oer de Twadde Wrâldoarloch presentearre. It binne de ferhalen fan dûmny en fersetsstrider Ger Boerlage. Hy beskreau syn belibbenissen yn Fryslân yn 'e oarloch. De ferhalen spylje harren benammen ôf yn Raerd en omkriten. Koartlyn waarden dy ferhalen weromfûn en no binne se útbrocht yn boekfoarm.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)