Utlis VVD oer regearakkoart

De VVD hâldt ek yn Fryslân in gearkomste om it regearakkoart út te lizzen oan de leden. Dat hat foarsitter Ger Jaarsma sneon oankundige. Yn de VVD is lanlik in soad ûnrêst oer de ynkommensôfhinklike soarchpreemje. De gearkomste is moandei oer in wike yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten. De Twadde Keamerleden Anne-Wil Lucas en Aukje de Vries binne dêrby oanwêzich.
Ut ûndersyk hat sneon bliken dien dat 60 persint fan de Friezen fynt dat premier Rutte it plan foar de soarchfersekering oanpasse moat.
It PvdA-kongres yn Den Bosch hat sneon wol ynstimd mei it regearakkoart. By de VVD hawwe de leden gjin mooglikheid om te stimmen. It ûndersyk is útfierd troch in opinypanel yn opdracht fan Omrop Fryslân yn 'e mande mei Een Vandaag.