Tsjin autospegels oan skopt

03 nov 2012 - 13:46

De plysje hat freedtenacht in 41-jierrige Snitser oanhâlding op fertinking fan fernielerij. Twa plysjeminsken hearden op de Prins Hendrikkade yn Snits in doffe klap. Bliken die dat de fertochte tsjin de spegels fan parkearde auto's oan stie te skoppen.

De 41-jierrige Snitser waard oanhâlden en meinommen nei it buro foar ûndersyk. Ien slachtoffer hat ûnderwilens oanjefte dien, mar der folgje mooglik noch mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)