Fuotbalfroulju noch altyd lêst

03 nov 2012 - 13:28

De fuotbalfroulju fan Hearrenfean hawwe freed mei 5-2 ferlern fan PEC Zwolle. Yn Zwolle iepene de thúsploech betiid yn de wedstriid de skoare. Vivianne Miedema brocht de stân wer op likense hichte. Binnen in kertier spyljen smiet Zwolle de wedstriid yn it slot troch 2 doelpunten op rige fan Lisanne Vermeulen. Krekt foar rêst wie it dyselde Vermeulen dy't Hearrenfean werom yn de wedstriid holp mei in eigen doelpunt.

Nei it skoft kaam de ploech fan trainster Jessica Torny der net mear oan te pas. Zwolle makke nei de 4-2 ienfâldich dien wurk.

De fuotbalfroulju fan Hearrenfean stean mei 3 punten út 8 wedstriden ûnderoan yn de BeNe League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)