Shantysjongers nei Dakar

03 nov 2012 - 12:52

Fiif Friezen binne sneon út Lollum wei ôfset foar de Amsterdam-Dakar Challenge. Dat is in wedstriid foar auto's of motoaren dy't net mear as 500 euro kostje meie. Dy wurde dan yn Dakar feild foar it goede doel.

It idee om mei te dwaan ûntstie op in neisit fan in repetysje fan shantykoor Sterk Spul. De Friezen ride de rûge Full Extreme Rûte dy't foar in part bûten de diken omgiet. Yn Mauritanië krije se plysjebegelieding omdat Al Qaida dêr aktyf is. De echte Dakarrally fan Paris nei Dakar wurdt allang net mear yn Afrika ferriden.

Atze Schilstra, Wim van der Haak, Johannes Herder, Anne de Boer en Gerard Greidanus foarmje no ien fan de mear as sechstich teams dy't meidogge.

Trefwurden: 
Amsterdam-Dakar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)