"Imares gefaar foar seehûnen"

03 nov 2012 - 11:27

Undersyksynstitút Imares foarmet in gefaar foar de seehûn yn Nederlân. Dat seit Lenie 't Hart yn reaksje op de jongste sifers oer de seehûnestân. Yn 'e Waadsee by Nederlân, Dútslân en Denemarken sitte neffens wittenskippers fan Imares goed 38.000 gewoane seehûnen en 4000 grize. Dat is in rekôrdtal.

Lenie 't Hart fan 'e seehûne-opfang yn Pieterburen leaut net yn dy sifers. Sy fynt de telmetoade net transparant. 't Hart ropt de polityk op om yn te gripen en foar te kommen dat Imares de sifers nei bûten bringt.

Direksjelid Han Lindeboom fan Imares sei tongersdei by Omrop Fryslân foar de radio dat it tal seehûnen yn de Waadsee stabyl is. Neffens Lenie't Hart soargje fersmoarging en syktes noch hieltyd foar gefaren foar de seehûnen.

Trefwurden: 
seehûn Lenie 't Hart Imares
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)