Priis foar Dana de Vries

03 nov 2012 - 09:46

De 19-jierrige selliste Dana de Vries fan Frjentsjer hat de oanmoedigingspriis fan it Nasjonaal Cello concours 2012 wûn. Oan it konkoers diene 17 sellisten út binnen- en bûtenlân mei. De earste priis gie nei Harriet Krijgh.

It Nasjonaal Cello Concours is in ûnderdiel fan de Amsterdamske Cello Biënnale dy't dit jier foar de fjirde kear organisearre wurdt. Oan de priis wie in bedrach fan 2000 euro ferbûn.

Trefwurden: 
priis Dana de Vries selliste
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)