Húsartsehospitaal wint 'Duim'

02 nov 2012 - 21:58

It húsartsehospitaal fan ZuidOostZorg hat de 'Duim 2012' takend krigen. Dat is in priis dy't útrikt wurdt troch Zorgbelang Fryslân oan it bêste soarchinisjatyf fan it jier. Zorgbelang ropt by de takenning de help fan it publyk yn, dat kin fia ynternet in stim útbringe. Hast 2300 minsken hawwe dat dit kear dien. Goed tweintich prosint fan de stimmen gie dêrby nei it húsartsehospitaal, dat 24 oeren deis klear stiet foar âlderen mei akute lichaamlike problemen.

De priis waard freed troch kommissaris John Jorritsma útrikt op it jierlikse kongres fan Zorgbelang Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)