Balk wol mear wettersporters

In nije passantehaven moat mear wettersporters nei Balk lûke. Dat is it plan fan de gemeente Gaasterlân-Sleat. Dy siket dêrom in ûndernimmer dy't de haven oanlizze wol. Dy soe der ek in hoarekafoarsjenning by meitsje moatte.
De komst fan de haven makket diel út fan in grutter plan foar Balk. De gemeente en de provinsje hawwe dêr beide in miljoen euro foar beskikber.