SC Cambuur wer mei lege hannen

02 nov 2012 - 21:53

SC Cambuur hat foar de tredde kear op rige in kompetysjewedstriid ferlern. Helmond Sport wie yn eigen hûs mei 3-1 te sterk. De Ljouwerters setten goed útein mei in doelpunt fan Martijn Barto nei acht minuten. Stadichoan waard de thúsploech sterker en dat smiet yn in tiidsbestek fan tsien minuten trije goals op. Yn de 33e minút Gillian Justiana mei in slop rollerke, yn de 40e minút Charles Kazlauskas mei in lobke en yn de 43e minút Juanito Sequeira. Dy 3-1 stân by it skoft soe ek de einstân wurde.

Cambuur sakket troch it ferlies nei it achtste plak mei 17 punten út 11 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)