Beintema lilk op boekingsburo

02 nov 2012 - 17:29
  • Wim Beintema

WIm Beintema fan it eveneminteburo Vedon is lilk op de boekingskantoaren dy't de bedrigingen oan syn adres net serieus nimme. Vedon soe twa feesten yn Dokkum organisearje, mar de gemeente hat dêr de fergunning foar ynlutsen. Fanwege bedrigingen kin de feiligens net garandearre wurde.

Ferskate boekingskantoaren dy't de artysten leverje soene, tinke dat Vedon en Beintema de bedrigingen as ferlechje brûke, omdat se de feesten finansjeel net rûnkrije kinne. Beintema ûntkent dat. Neffens him binne de bedrigings tige serieus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)