Krityk FNP op regearakkoart

FNP
De FNP is min te sprekken oer de plannen fan it nije regear foar gruttere gemeenten en provinsjes. Dat soe hiel skealik wêze foar de provinsje Fryslân, seit de FNP. De partij begrypt net wêr't skaalfergrutting in oplossing foar is. De nije koalysje giet folslein foarbij oan de kulturele bining dy't minsken ha mei provinsjes lykas Fryslân, Limboarch of Seelân, neffens de FNP. Grutte gemeenten fan mear as 100.000 ynwenners, sa't it nije regear wol, passe net by de aard, de skaal en it karakter fan Fryslân.