Fries Museum lûkt bedriuwen

It nije museum op it Saailân yn Ljouwert is yn trek by bedriuwen dy't sponsorje wolle. Der wurdt hieltyd mear jild binnenhelle, mar der binne ek ferplichtings. Sa fungearre de sintrale hal fan it Fries Museum freed as toanseal foar nije modellen persoaneweinen. En it sil hieltyd faker foarkomme dat besikers fan it museum mei útstallingen fan sakelju te meitsjen krije. It museum krijt te min subsydzje om alles dwaan te kinnen wat de direksje wol en dus moat op in oare wize jild fertsjinne wurde.
Dêrom kamen freed in pear hûndert klanten fan in autodealer nei it museum ta om fjouwer nije modellen te besjen. It museum giet yn septimber 2013 iepen. Oft Hare Majesteit dat docht is noch net wis.