Mear banen yn technyksektor

02 nov 2012 - 16:33

Nettsjinsteande de krisis sille yn de technyksektor de kommende jierren goed 17.000 banen frijkomme. Foar jongeren in goeie kâns op wurk, soene je sizze. Mar it imago fan de sektor is noch hieltyd net hiel goed. Dêrom wurdt spesjaal foar basisskoallebern de techykmanifestaasje Technics4U organisearre. Dat wie freed yn it Friesland College op It Hearrenfean. It projekt Technics4U is in gearwurking fan bedriuwen en fakopliedings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)