Man oppakt foar Poiesz-oerfal

02 nov 2012 - 16:23

De plysje hat freedtemiddei in 24-jierrige man út Ljouwert oanhâlden yn ferbân mei de oerfal op de Poiesz-supermerk yn de stêd ferline wike. De winkel waard moarns om in oere of tsien oerfallen troch in man dy't ûnder bedriging fan in wapen in ûnbekend jildbedrach bútmakke. De plysje kaam de fertochte op it spoar nei it hearren fan in tal tsjûgen en op grûn fan in sinjalemint. De man is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Ljouwert Poiesz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)