Polityk stipet Omrop noch net

02 nov 2012 - 15:50
  • It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert

De provinsjale polityk liket noch net safier dat der wer provinsjaal jild yn Omrop Fryslân stutsen wurdt. Foarsitter Ton Baas fan de ried fan kommissarissen by de Omrop rôp tongersdei de provinsje op om dat wol te dwaan no't it nije regear sa'n twa miljoen euro besunigje wol op Omrop Fryslân. Sa'n provinsjale bydrage soe nedich wêze foar in súksesfolle lobby yn Den Haach, fynt Baas. PvdA-deputearre Jannewietske de Vries fynt dat wat koart troch de bocht.

Sy set yn op tasizzings fan it eardere regear dat net besunige wurde soe op de Omrop fanwege de bysûndere posysje fan de Fryske stjoerder. CDA-steatelid Cees Vos wol yn elk gefal net ryksbesunigings folslein opfange mei provinsjaal jild. As der provinsjaal jild by moat om in oplossing mooglik te meitsjen, moat dêr noch oer praat wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)