Kramer twivelet noch oer NK

02 nov 2012 - 14:55
  • Sven Kramer

Sven Kramer stelt syn beslút om wol of net mei te dwaan oan it NK ôfstannen op 9,10 en 11 novimber sa lang mooglik út. Dat sei er freedtemiddei by de presintaasje fan de TVM ploech yn Hoogeveen. Kramer hat noch altyd lêst fan de rêch, in blessuere dy't er yn septimber oprûn troch in fal fan 'e skommel yn 'e tún. Hy giet wol foarút mar wol gjin risiko's nimme. As er meidocht oan it NK is dat allinnich op de 5 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)