Alkoholkontrôle bern net goed

02 nov 2012 - 14:50

Hoarekasaken en winkels yn de gemeente Hearrenfean kontrolearje net goed genôch oft bern wol âld genôch binne om alkohol drinke te meien. Dat docht bliken út ûndersyk wêrby't bern jonger as 16 besochten om oan drank te kommen yn kafees, sportkantines en winkels. Gemiddeld hâlde mear as santich persint fan de hoarekasaken en winkels him net oan it alkoholferbod. Hearrenfean is bot teloarsteld oer de útkomsten. De gemeente sil fan takom jier ôf strenger tasjen op de ferkeap fan alkohol oan minderjierrigen.

Fan 2013 ôf is dat tafersjoch ek de ferantwurdlikheid fan de gemeenten.

Trefwurden: 
bern alkoholkontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)