Flylanner keapet SS Rotterdam

02 nov 2012 - 11:26

It cruise-skip SS Rotterdam is foar in lytse 30 miljoen euro ferkocht oan ûndernimmer Harry Westers fan Flylân. Westers is direkteur fan WestCord Hotels dat troch it hiele lân hinne hotels hat. De SS Rotterdam is in cruise-skip dat yn it ferline tsjinst dien hat op de Holland-Amerika lijn.

De lêste jierren is it skip yngripend ferboud ta hotel en restaurant. Dat hat mear as 250 miljoen euro koste. It skip is no dus foar folle minder jild ferkocht. Nei alle gedachten is de oerdracht fan it skip begjin takom jier.

Trefwurden: 
Harry Westers SS Rotterdam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)