Folkswein stellen by garaazje
By in garaazjebedriuw yn Koatstertille is in giele Volkswagen stellen. Dat barde yn de nacht fan woansdei op tongersdei. Opfallend is, dat de auto twa ferskillende achterljochten hat. It kenteken fan de auto is 29-JPB-2. De plysje docht ûndersyk nei de stellerij.