Supporter smyt mei tl-buis

02 nov 2012 - 11:00

De plysje hat tongersdei by de fuotbalwedstryd tusken SC Hearrenfean en Hollandia in 21-jierrige man út Hoorn oanhâlden. De man wie mei de bus nei It Hearrenfean kommen. Foardat er útstapte, helle hy in tl-buis út de bus. Dat smiet er stikken tsjin in stek. De man is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
tl-buis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)