Fisken Ofslútdyk minder siik

02 nov 2012 - 10:40

De fisken by de Ofslútdyk binne minder faak siik. Dat docht bliken út langjierrich ûndersyk nei ien soart platfisk, de bot. Yn de jierren '80 wie 30 prosint fan de fisken siik. Sa die bliken út fangsten oan sawol de Waadseekant as de Iselmarkant fan de Ofslútdyk. Der sieten swolmen en wratten op of se hiene tumors. Dat wie foaral sa by de spuisluzen. By de ôfwetteringsluzen fan Harns en Lauwerseach wie mar fiif prosint fan de fisken siik.

Dat it by de Ofslútdyk sa min wie, hie te krijen mei grutte en rap opienfolgjende skommelings yn it sâltgehalte fan it wetter en in minne kwaliteit fan de boaiem en it wetter. It tal sike botten is no weromrûn nei tsien prosint, trochdat dy kwaliteit ferbettere is en der oars wetter spuid wurdt. Mar it tal sike fisken is noch hieltyd heger by de Ofslútdyk as op oare plakken.

Trefwurden: 
Ofslútdyk fisken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)