Fryslân noch yn byld by Vuelta

Fryslân bliuwt wol deeglik yn byld fan de organisaasje fan de Vuelta, de hurdfytsronde fan 2015 dy't foar in diel yn Nederlân hâlden wurde moat. Dat seit Jos Vaessen fan de Vuelta. Tongersdei makke Drinte bekend dat se ôfheakje, de ekonomyske krisis èn it feit dat dielname sa'n 6 ton kostet binne dêr de belangrykste reden foar. Vaessen seit dat der noch foldwaande Nederlânske gadingmakkers binne foar it organisearjen fan etappes. Dêrûnder dus Fryslân.