Skorsing Bakens bliuwt stean

De skorsing fan ien wedstryd fan Cambuur ferdigener Tim Bakens bliuwt stean. It heger berop fan Cambuur tsjin de skorsing is ôfwiisd troch it KNVB. Bakens krige yn de bekerwedstryd tsjin Telstar, ôfrûne tiisdei, in reade kaart. Cambuur tekene berop oan, omdat op de tv bylden te sjen wêze soe dat Bakens de spiler yn kwestje net rekke hie. Mar de tuchtkommisje wiist dat ôf.
Troch de skorsing fan Bakens spilet Cambuur freedtejûn tsjin Helmond Sport mei Léon Broekhof en Mart Dijkstra yn it sintrum fan de ferdigening.