VVD-Fr'diel bestjoert net goed

02 nov 2012 - 10:00

De VVD yn de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel gedraacht him as opposysjepartij, wylst de partij yn it kolleezje sit. Dat sizze de oare koalysjepartijen, PvdA en Gemeentebelang. PvdA-riedslid De Bok beskuldige syn VVD-kollega derfan dat dy spultsjes spilet yn de ried en dat er de riedsseal brûkt om syn 'redenaarskunst' hearre te litten en net om behoarlik te bestjoeren. VVD, PvdA en Gemeentebelang foarmje mei elkoar it kolleezje yn Frjentsjerteradiel.

Trefwurden: 
VVD
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)