It Hearrenfean werynrjochte

01 nov 2012 - 20:47
  • Wethâlder Hartsuiker leit de lêste stienen te plak

It wurk oan it sintrum fan It Hearrenfean is klear. Yn totaal waard sûnt maart 12-tûzen kante meter oan bestrjitting fernijd en goed 500 meter oan riolearring oanpakt. De opknapbeurt wie bot nedich omdat de âlde bestrjitting op ferskate plakken folslein stikken wie.

Troch it gebrûk fan bakte stiennen hat de gemeente besocht it sintrum in wat mear histoaryske útstrieling te jaan. Ek is besocht wat mear in pleinstruktuer oan te bringen.  De fernijde strjitten binne ûnder oare Crackstate en de Oude Koemarkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)