Granaet helpt Be Quick

01 nov 2012 - 19:38

De Dokkumer kuorbalferiening De Granaet sjit de buorman, fuotbalklup Be Quick, te help. It kuorbalfjild kin de kommende moannen foar de fuotbaltrenings brûkt wurde. Dat bin beide klups oerienkommen nei in petear mei wethâlder Pytsje de Graaf.

De kuorballers spylje de kommende tiid yn de seal, sadat it fjild foar de fuotballers beskikber is. Be Quick hat in kapasiteitsprobleem, der bin feitlik te min fjilden en dêrtroch kin der geregeld wedstriden net trochgean.

Trefwurden: 
fuotbal kuorbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)