Mear befallings Tjongerskâns

01 nov 2012 - 18:35

Sikehûs de Tjongerschans op It Hearrenfean ferwachtet jierliks trijehûndert befallings mear te dwaan, as de ôfdieling ferloskunde fan it Diaconessesikehûs yn Meppel takom jier slút. De ôfdieling giet ticht, om't der te min befallings plakfine om oan de tanimmde kwaliteitseasken te foldwaan. De 700 befallings yn Meppel wurde oernommen troch de sikehuzen yn Swolle, Hoogeveen en It Hearrenfean. Yn 'e Tjongerskâns wurde no jierliks sa'n tûzen befallings dien. It sikehûs seit goed taret te wêzen op de ekstra drokte.

Fan 't simmer is der in fjirde ferloskeamer bykommen, en dizze moanne komme der twa nije kraamsuites by. It is noch net dúdlik oft de ekstra drokte banen opsmyt of dat der minsken fan Meppel oergeane nei It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Tsjongerskâns befallings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)