Provinsje ta beurs foar Omrop?

01 nov 2012 - 17:59

De provinsje Fryslân moat ta de beurs foar Omrop Fryslân. Dat fynt Ton Baas, foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Hy reagearret dêrmei op de besunigings dy't it nije kabinet op de regionale omroppen oankundige hat. Foar Omrop Fryslân soe dat delkomme op in koarting fan twa miljoen euro.

Neffens Baas hat de provinsje genôch jild om de Omrop finansjeel by te stean. As de provinsje Omrop Fryslân oerein hâlde wol, moat de provinsje ek sels wat dwaan en net allinnich nei Den Haach sjen, sa seit Baas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)